Frysk Folksliet
Read Frysk Folksliet lyrics by Zong Koor on LyroVerse, with linked artist context and related song paths.
The page facts to cite before the commentary
Use this page for the lyric text, linked artist context, and any LyroVerse editor's note attached to the song. Listener comments remain user-generated and should not be treated as the primary source.
Frysk Folksliet
The lyric stays readable and compact here; the note and related paths sit nearby so you do not lose the song while looking for context.
Frysk bloed tsjoch op! wol nou ris brûze en siede,
En bounzje troch ús ieren om!
Flean op! Wy sjonge it bêste lân fandíerde,
It Fryske lân fol eare en rom.
Klink dan en daverje fier yn it roun,
Dyn âlde eare, o Fryske groun!
Ompolske fan it hege sâlte wetter,
Fortroppe op in terp of stins,
Hien 'd'âlde Friezen yn de wrâld net,
Har lân en frijdom wie har winsk,
Klink dan en daverje fier yn it roun,
Dyn âlde eare, o Fryske groun!
Fij fan it jok fan stege, frjemde hearen,
Faek earm ek, mar dochs sterk en frij,
Stie d'âlde Fries stânfêst by syn menearen,
Hy wie in Fries, as Fries stoar hy,
Klink dan en daverje fier yn it roun,
Dyn âlde eare, o Fryske groun!
Troch waer en wyn, tsjin need en dea to striden,
Mei 't gleone swurd yn dízren hân,
Wie wille yn dy fromme, stoere tiden,
Wie 't foar de frijdom fan har lân,
Klink dan en daverje fier yn it roun,
Dyn âlde eare, o Fryske groun!
Fan bûgjen frjemd en fij fan leave wurden,
Wie rjucht en sljucht har hert en sin,
Hja bean om neat, mar mei de bleate swurden,
Stie 's'alle twang en oerlêst tsjin,
Klink dan en daverje fier yn it roun,
Dyn âlde eare, o Fryske groun!
Sa faek troch stoarm yn djippe sé bidutsen,
Oerâlde leave Fryske groun,
Waerd noait dy fêste taeije bân forbrutsen,
Dy't Friezen oan har lân forboun,
Klink dan en daverje fier yn it roun,
Dyn âlde eare, o Fryske groun!
Trochloftich folk fan dizze âlde namme,
Wêz jimmer op dy âlders great;
Bliuw ivich fan dy grize hege stamme,
In grien, in kreftich bloeiend leat,
Klink dan en daverje fier yn it roun,
Dyn âlde eare, o Fryske groun!
What this page can answer fast
Who performs "Frysk Folksliet"?
Zong Koor performs "Frysk Folksliet", and this lyric page sits inside the Zong Koor catalog on LyroVerse.
Where can I find more songs by Zong Koor?
Use the artist link near the top of the page or the related paths section below to keep moving through Zong Koor's lyric pages.
Interpretations, questions, and corrections for this song
Interpretations, questions, memories, and correction notes live together here. The room stays noindex while the best insights are reviewed.
What people are saying
No listener comments on Frysk Folksliet yet.
A strong comment here is specific: the phrase you keep hearing, the mood you come back for, or the reason this song stays in rotation.
Sign in to post the first listener note. Reporting stays open to everyone.